"Sjoch opnij nei ferhierdersheffing yn krimpgebieten"

Hierhuzen fan Thús Wonen (stockshot) © Omrop Fryslân, Harm Weistra
De gemeente Dongeradiel freget minister Stef Blok fan Wenjen om it belied oer de ferhierdersheffing yn krimpgebieten op 'e nij te besjen. Neffens it kolleezje fan boargemaster en wethâlders sil de heffing de wenningmerk yn de regio Noardeast-Fryslân fierder yn de problemen bringe.
De heffing bestiet út in finansjele bydrage fan wenningferhierders oan de nasjonale skuld. Foar wenningkorporaasje Thús Wonen betsjut dat in bydrage fan tusken de 3 en 4 miljoen euro yn it jier. Dat stiet gelyk oan 30 nijbouwenningen.