Twa manlju oanhâlden foar bedriging en mishanneling

Oanhâlding © ANP
De plysje yn Ljouwert hat yn de nacht fan tongersdei op freed twa 26-jierrige mannen út Ljouwert en Assen oanholden nei in mishanneling en bedriging. De Ljouwerter waard oanholden nei't hy in 19-jierrige man fan It Hearrenfean in kopstjit jûn hie. In portier droech de Ljouwerter oer oan de plysje. De man út Assen wie it der net mei iens en bedrige de portier mei de dea. Dêrnei is hy ek oanholden. Tsjin de manlju is proses-ferbaal opmakke.