SC Leovardia hellet feiligensanalyze KNVB

SC Leovardia hat as earste fuotbalklup yn it Noarden de feiligensanalyze fan de KNVB helle. It ûndersyk, in inisjatyf fan de KNVB en buro Halt, rjochtet him op hoe't de klup om giet mei feiligens. Foar it ûndersyk wurde fuotballers, frijwilligers en âlden ûnderfrege en der wurdt sjoen hokker ôfspraken makke binne, wat goed giet en wat better kin.
Ut de enkête docht bliken dat 95 prosint fan de leden him feilich fielt. De klup moat noch wol sjen nei de feiligens op it parkearterrein en se moatte noch gedrachsregels opstelle.