WhatsApp-groep tsjin stellerij yn Dokkum

19 des 2014 - 10:04

De Undernimmers Feriening Dokkum begjint mei in WhatsApp-groep tsjin stellerij út de winkels. Undernimmers kinne fia de groep fertochte situaasjes lykas stellerij oan inoar melde. Der hawwe har 40 winkellju oanmelden om diel te nimmen oan de groep. It is de bedoeling om it netwurk fierder út te wreidzjen. De wykplysje komt ek yn de groep.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)