Earepenning Frjentsjerteradiel foar ferslachjouwer Groen

19 des 2014 - 08:58

Ferslachjouwer Geale Groen út Frjentsjer hat tongersdeitejûn de earepenning fan de gemeente Frjentsjerteradiel útrikt krigen. De 64-jierrige Groen hat sa'n 25 jier ferslach dien fan de riedsfergaderingen, foar it wykblêd Extra en foar Omrop Fryslân.

Neffens boargemaster Fred Veenstra hat Groen dermei de polityk tichteby de ynwenners brocht. Neffens Veenstra koe net eltsenien him altyd fine yn de analyzes fan Groen, mar waard syn wurk wol wurdearre.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)