Beslút Roobol oer ûnderwiis heechbegaafden mei net

19 des 2014 - 06:59
It beslút op te hâlden mei it hjoeddeistige ûnderwiis oan heechbegaafde learlingen op de Burgerskoalle yn Dokkum troch iepenbiere ûnderwiisstifting Roobol is mooglik net rjochtsjildich. Want de ried fan tafersjoch fan Roobol is net op de goeie wize beneamd. Dat sei wethâlder Pytsje de Graaf fan Dongeradiel tongersdei yn de riedsfergadering. De rieden fan de fjouwer gemeenten dêr't Roobol aktyf is, hiene yn juny oer dy beneaming stimme moatten. Mar dat is net gebeurd.

De skoalle hat no noch in aparte klasse foar heechbegaafde bern, mar moat dêr fan Roobol mei ophâlde. De âlden binne dêr poer op tsjin.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)