Bewenners Noorderbreedte tenei sels oan de slach

19 des 2014 - 06:49

Bewenners en harren famylje yn in ferskaat oan ferpleechhuzen fan Noorderbreedte BV, ûnderdiel fan Soarchpartners Fryslân, wurdt frege wurk oer te nimmen fan it personiel. Dan kin it gean om kofjeskinken, mar ek it skjinmeitsjen fan de keamer. Dit spilet net op alle lokaasjes, mar ien fan dy ferpleechhuzen dêr't it al gebeure sil, is Nieuw Toutenburg yn Noardburgum. Neffens direksjefoarsitter Johan Lettink hat dit neat te krijen mei besuniging, mar is it ek better foar de bewenners as sy minder ôfhinklik binne fan soarchferlieners.

Lokaasjemanager Bert Renkema fan Nieuw Toutenburg seit dat it seker net ferplichte wurdt. Der wurdt op seker fjouwer lokaasjes fan Noorderbreedte reorganisearre mei gefolgen foar it personiel. Dat binne Nieuw Toutenburg, De Batting yn Harns, Bornia Herne en Erasmushiem yn Ljouwert. Dat kostet banen, mar der wurde ek wer nije minsken oannaam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)