Steatefraksje Friese Koers wol sikefûns werom

Steatelid Jelle Hiemstra
De steatefraksje fan Friese Koers wol dat Friezen harren mei de steateferkiezings op 18 maart mei in referindum útsprekke kinne oer in mooglik weromkommen fan it sikefûns. Neffens fraksjefoarsitter Jelle Hiemstra hat it ynfieren fan de merkwurking yn de soarch grutte gefolgen hân.
Sa wie De Sionsberg neffens him nei alle gedachten net fallyt gien as it sikefûns der noch west hie en binne de preemjes flink omheech gien.