Nije ynrochting moat diken It Bilt feiliger meitsje

18 des 2014 - 22:32

De Aldebiltdyk en Nijebiltdyk sille ynrjochte wurde as 30 en 60 kilometerdiken. Mei dat beslút stimde in mearderheid fan de gemeenteried fan It Bilt tongersdei yn. Al jierren wurdt der praat oer in oanpak fan de smelle diken, dêr't grut ferkear lâns komt. Dat soarget by ynwenners, fytsers en kuierders foar in ûnfeilich gefoel.

It plan foar de nije ynrjochting sil sa gau as mooglik foarm krije, seit wethâlder Nel Haarsma. Dat bart yn goed oerlis mei de ynwenners en de brûkers. Benammen boeren wurde belutsen by de plannemakkerij.

Heal maart wol Haarsma it plan foar de diken foarlizze oan de ried, wêrnei't der nei alle gedachten yn april of maaie útein set wurde kin mei it wurk.

De gemeente soe begjin novimber al mei in beslút komme hoe't de begrutte 900.000 euro bestege wurde koe oan feilichheidmaatregels. Mar op fersyk fan inkelde partijen waard dat útsteld oant desimber om de ynwenners de tiid te jaan foar ynspraak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)