Wüst ek ynternasjonaal Sportfrou fan it Jier

18 des 2014 - 21:32
  • Ireen Wüst by it Nederlânske sportgala

Ireen Wüst is neist Nederlânsk Sportfrou fan it Jier no ek troch parseburo Reuters ferkeazen ta bêste Sportfrou fan it Jier oer de hiele wrâld. Yn in spannende striid fersloech Wüst tongersdei tennisster Serena Williams út Amearika. Wüst krige fan sportsjoernalisten út de hiele wrâld krekt wat mear stimmen.

De reedrydster fan It Hearrenfean pakte by de Olympyske Spelen begjin dit jier yn Sotsji twa kear goud en trije kear sulver. Ek waard se Europeesk- en wrâldkampioen. Williams wûn foar de tredde kear yn har tenniskarriêre de US Open.

De titel Sportman fan it Jier gong nei golfer Rory Mc Ilroy út Noard-Ierlân. It nasjonale fuotbalalvetal fan Dútslân waard Sportploech fan it Jier.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)