Famyljepaad makket dún Skylge ek foar rolstuollen tagonklik

Stodunen op it strân fan Skylge © Omrop Fryslân, Ilse Hermanides
Minsken yn in rolstoel kinne tenei ek genietsje fan de útsjochpost op it Kaapsdún by West-Skylge. De gemeente en Steatsboskbehear iepenen tongersdei it nije famyljepaad, dat neist berneweinen en buggy's ek geskikt is foar rolstuollen.
It paad waard iepene troch eilânbewenster Ina Schoustra, sels bûn oan in scootmobyl. By it oanlizzen fan it paad is der rekken hâlden mei in maksimale helling, sadat elkenien nei boppe kin. Ek de parkearlokaasjes binne opknapt, lykas de fjouwer dúnopgongen.
De plannen foar de grutskalige opknapbeurt kamen ta stân mei help fan de wurkgroep Seinpaalduin en stipe fan de provinsje.