Brêge Aldskou by Akkrum foar de krystdagen iepen

18 des 2014 - 16:07

Brêge Aldskou oer it Prinses Margrietkanaal by Akkrum kin fan 24 desimber ôf wer iepen. Begjin april fear der in skip tsjin de brêge. Dit soarge foar in soad skea. De brêge koe dêrtroch net mear betsjinne wurde.

Skippen heger as sân meter moasten in oare rûte kieze. Yntusken hat Rykswettersteat alle skea ferholpen en kin de brêge dus krekt foar de krysttiid wer iepen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)