Heak om Ljouwert offisjeel iepene

18 des 2014 - 14:44

De Heak om Ljouwert is offisjeel iepene. De provinsje, gemeente Ljouwert en Rykswettersteat ha de iepening dien troch in krystbeam oan te setten.

Tongersdeitemiddei om trije oere binne de stekken op de nije rûnwei om Ljouwert fuorthelle en is mei it saneamde blokriden troch Rykswettersteat en plysje de dyk iepene foar it ferkear.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)