Provinsje Fryslân yn aksje foar de Voedselbanken

18 des 2014 - 14:07

De povinsje Fryslân wol mei crowdfunding (mienskipsstipe) yn aksje komme foar de Voedselbanken yn Fryslân. De provinsje wol mei it projekt soargje dat der sinnepanielen betelle wurde kinne. Mei de sinnepanielen wurdt it foar de voedselbanken ienfâldiger om de enerzjyrekkens leech te hâlden. Dat is wichtich om't dan mear farske produkten bewarre wurde kinne.

Undernimmers wurde stimulearre om farske griente dy't oars op de jiskedobbe telâne komt te brûken foar it crowdfunding projekt. De voedselbanken bin tige wiis mei de plannen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)