Frjentsjerteradiel ferrast troch beslút Radius

18 des 2014 - 12:40

De gemeente Frjentsjeradiel is ferrast troch it beslút fan ûnderwiisstichting Radius om him werom te lûken út in plan om yn Frjentsjer de iepenbiere basisskoalen Kleyenburg en Fûgelflecht ûnder te bringen yn in multyfunksjonele akkommodaasje. Neist de twa iepenbiere skoallen soe ek de kristlike basisskoalle de Korendrager yn de nijbou romte krije.

Troch it beslút fan Radius giet de bou foarearst net troch. Oer de bou fan it sintrum wurdt al jierren praat en de gemeente Frjentsjerteradiel hat der ek jild foar beskikber.

Oare húsfesting is net samar beskikber, sa seit wethâlder Caroline de Pee. De gemeente sil no mei beide partijen om tafel om te kommen ta in oplossing.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)