Manlju yn Aldwâld oanholden mei flinterbommen

© ANP
In 21-jierrige ynwenner fan Aldwâld en in 22-jierrige ynwenner fan Kollumersweach binne woansdeitejûn yn Aldwâld oanholden nei't se fjoerwurk ôfstutsen op in parkearterrein oan de Husternoard.
Yn de auto's fan de beide manlju fûn de plysje tsientallen flinterbommen. It yllegale fjoerwurk is yn beslach naam. De beide mannen sitte fêst foar ûndersyk.