VVD Dongeradiel wol ûndersyk by ûnderwiiskoepel Roobol

18 des 2014 - 10:39

De VVD fan Dongeradiel wol dat de gemeente ûndersyk docht nei de ried van tafersjoch by ûnderwiiskoepel Roobol. Oanlieding is it konflikt tusken de lieding fan Roobol en de iepenbiere Burgerskoalle yn Dokkum. Direkteur Germ de Vries moat fuort, mar âlden en learlingen protestearje dêr tsjin.

Boppedat gean der ferhalen dat der noch folle mear mis is by Roobol. De VVD wol dêrom ûndersykje litte oft de ried fan tafersjoch wol goed funksjonearret.

De partij wol ek dat der sjoen wurdt nei de gearstalling fan de ried. Neffens de regels moat ien lid foardroegen wurde troch âlden en ien troch de MR, mar de VVD twivelet oft dat wol bard is. De ried van tafersjoch fan Roobol is yn juny fan dit jier ynsteld, op oantrunen fan de gemeenteried.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)