Heak om Ljouwert tongersdeitemiddei iepen foar auto's

18 des 2014 - 10:10
  • Heak om Ljouwert

Nei jierren fan prosedueres en wurk giet tongersdei de Heak om Ljouwert lang om let iepen. Nei in wike fan feestlike manifestaasjes op it nije stik dyk, meie fan tongersdeitemiddei ôf de auto's oer de nije westlike ynfalsdyk ride.

Nei in offisjele hanneling troch pommeranten, hellet Rykswettersteat yn de rin fan de middei de stekken fuort. Mei help fan blokriders wurde dan fan sa'n trije oere ôf de earste auto's de dyk op litten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)