Beleanning foar duorsum buorkjen

17 des 2014 - 19:05
  • Kij yn 'e greide

FrieslandCampina sil melkfeehâlders dy't op duorsume wize buorkje beleanje mei in taslach op de molkpriis. Ek krije boeren dy't de kij bûten rinne litte in hegere preemje fan de suvelkoöperaasje. Dizze saneamde greidegongtaslach wurdt betelle troch melkfeehâlders dy't har kij net bûten weidzje. FrieslandCampina stelt ek hegere easken oan boeren. Sa meie dy fan jannewaris ôf gjin kompost mear brûke. Wannear't oan dizze duorsumheidsregel net foldien wurdt bestiet de kâns dat molke wegere wurdt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)