Skoallen Frjentsjer gean troch mei maatskiplike staazjes

(stockfoto) © Omrop Fryslân
Skoallen yn Frjentsjerteradiel sette ek yn 2015 troch mei de maatskiplike staazjes. Se dogge dit yn gearwurking mei de gemeente en de Skûle Welzijn. Fan takom jier ôf ferfalt de fergoeding fan it Ryk. Mar de skoallen en gemeente fine it ûnderdiel sa wichtich, dat se no mei in bydrage fan 7.500 euro de maatskiplike staazje sels trochsette.