Jieroersjoch 2014: de nijstop 10 fan maart

De ein fan 2014 is yn sicht. Heech tiid om werom te sjen op it belangrykste, aardichste en opfallendste nijs fan it jier. Oant en mei 31 desimber alle dagen in Top 10 fan in moanne, makke op basis fan meast lêzen berjochten op omropfryslan.nl en de apps. Hjoed de nijssaken fan maart.

1. Oerstap fan Lodeweges nei SC Hearrenfean falt min by Cambuurfans

Cambuursupporters binne poer op trainer Dwight Lodeweges as ein maart bekend wurdt dat hy de Ljouwert klup ynruilet foar aartrivaal SC Hearrenfean. De trainer makket gebrûk fan in klausule yn it kontrakt en giet oan 'e ein fan it seizoen fuort.

2. Plysjeman slacht kamera út hannen fan eilânbewenner

In korrespondint fan Omrop Fryslân wurdt op Flylân tsjinwurke en bedrige troch in plysjeman. De korrespondint wol in seemyn filmje, mar wurdt tsjinhâlden troch de plysjeman. Der ûntstiet in diskusje, dy't folslein út de hân rint en hielendal fêstlein wurdt op kamera.

3. Frontman De Wiko's ferstoarn

Fryslân moat ôfskied nimme fan Kobus Algra. De frontman fan De Wiko's ferstjert op 66-jierrige leeftiid. Hy joech goed 45 jier lieding oan it orkest. In healjier earder naam Algra mei in útferkocht konsert ôfskied fan it publyk.

4. Trettjin besikers fan in sportskoalle nei it sikehûs

Trettjin minsken wurde nei it sikehûs brocht as se yn in sportskoalle op It Hearrenfean net goed wurde. De slachtoffers, wêrûnder tsien bern, ha problemen by it sykheljen. Ek boppesteande apparteminten wurde ûntromme.

5. Earste ljipaai wurdt fûn by Wolvegea

Begjin maart is it earste ljipaai fan Fryslân in feit. It aaike wurdt fûn by Slikenboarch yn 'e buert fan Wolvegea troch Geert Mooi út Nijetrine. Fansels wurdt it ljipaai lottere troch de kommissaris fan de Kening.

6. Flinke skea troch brân yn Flylanner hotel

Hotel Vlierijck op Flylân rint grutte skea troch in brân yn it reiden tek. Fanwege de brân wurde ekstra brânwachtminsken en in heechwurker nei it eilân brocht. Seis apparteminten rinne swiere skea op.

7. Ballast Nedam mei nij Thialf bouwe

Ballast Nedam mei de fernijbou fan Thialf dwaan. De rjochter wie der wol foar nedich, omdat de trije ferliezende boukombinaasjes in koart pleit oanspand hiene. Se fine dat de prosduere net goed gien is.

8. Fryske PVV-ers stappe op nei útlittings Wilders

Twa PVV-ers stappe út de steatefraksje. Se kinne har net fine yn de útlittings fan partijlieder Geert Wilders oer 'mear of minder Marokkanen', nei oanlieding fan de útslach fan de gemeenteriedsferkiezings. By dy ferkiezings wûnen foaral de lokale partijen.

9. Auto rydt hûs yn

In flinke skrik foar in echtpear oan it Noarderein yn Tytsjerk as in auto nachts har hûs ynrydt. De wenning rint in soad skea op, de bestjoerder moat syn rydbewiis ynleverje.

10. Sven Kramer wurdt diskwalifisearre fanwege 'kick'-finish'

Foar Sven Kramer einiget it NK allround al nei de 5000 meter. De reedrider wurdt diskwalifisearre, omdat er in 'kick-finish' makke. Kramer wie him der net fan bewust. Hy fynt it beslút fan de sjuery wat flau, mar begrypt it beslút: "regels binne regels".