Alde kuierpaden by Damwâld werom

Yn museum de Sûkerei yn Damwâld is woansdei de 'halerûte' iepene. Yn it ferline wienen halepaden in soarte fan sânpaden dy't it koartste paad wienen om nei tsjerken, skoallen of winkels te kommen. Dy paden binne no wer yn de âlde steat werombrocht. De halerûte kin brûkt wurde om te kuierjen troch de natoer tusken Damwâld en Broeksterwâld. Mei pealtsjes en ynformaasje wurde de kuierders yn 'e kunde brocht mei de histoarje fan de paden.
Mei help fan in oannimmer is soarge dat de paden, dy't oer partikuliere grûn rûnen, feroare binne yn sânpaden. Ek is in ferbiningspaad oanlein. It projekt hat sa'n 45.000 euro koste. De provinsje en de gemeente Dantumadiel hawwe beide sa'n 18.000 euro yn it projekt stutsen.