Ferd Crone stekt ljocht menoara yn Ljouwert oan

17 des 2014 - 16:04

Boargemaster Ferd Crone fan Ljouwert stekt tongersdei it earste ljocht fan de grutte menoara, in acht-earmige kandeler, by it Joadsk monumint yn de stêd oan. Dit wurdt dien om de earste dei fan it Joadske ynwijingsfeest Chanoeka te fieren. Crone is troch de Joadske mienskip yn Ljouwert útnoege om mei te dwaan oan de seremoanje.

Mei Chanoeka wurdt it opnij yn gebrûk nimmen fan de Tempel yn Jeruzalem troch de Makkabeeën fierd. Chanoeka duorret oant en mei 24 desimber.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)