Grutte opknapbeurt foar seedyk fan It Amelân

17 des 2014 - 15:54
  • De daam mei lofts de jachthaven

Wetterskip Fryslân begjint yn april 2015 mei in grutte opknapbeurt fan de seedyk fan It Amelân. De ferbettering fan de seekearing is neffens it Wetterskip in grutte útdaging. Oer in lingte fan goed 16 kilometer wurdt de dykbeklaaiing ferfongen.

De dyk wurdt ek 35 sintimeter heger makke. It materiaal hjirfoar moat fan de fêste wâl komme. It giet om 800.000 ton klaai, sân en brekstien. It projekt kostet yn totaal sa'n 65 miljoen euro, en moat yn de hjerst fan 2017 klear wêze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)