Sellekompleks yn Drachten giet ticht

It sellekompleks yn it sintrum fan Drachten giet ticht. Arrestanten wurde tenei nei Ljouwert of Grins brocht. Neffens de plysje is dit in stik effisjinter want de besettingsgraad fan de sellen yn Drachten is leech.
Boargemaster Tjeerd van Bekkum fan Smellingerlân is net wiis mei it plan. Neffens him kostet de sluting de plysje krekt mear jild en tiid. It betsjut dat plysjeminsken folle langer dwaande binne om arrestanten nei de sel te bringen. Dêrtroch binne se minder op strjitte te finen.