Fjoerwurkfrije sône by Het Vierkant yn Harns

Yn Harns is it gebiet rûnom multyfunksjoneel sintrum Het Vierkant mei de jierwiksel fjoerwurkfrij. De gemeente Harns hâldt in proef mei in fjoerwurkfrije sône tusken 18.00 en 2.00 oere. Ferline jier wie der in soad oerlêst, wêrtroch de omwenners oan de belle lutsen. As de proef dit jier in súkses is, binne der takom jier miskien mear fjoerwurkfrije sônes yn de gemeente Harns. De plysje kontrolearret ekstra.
Dit jier is it foar it earst ferbean om op âldjiersdei foar 18.00 oere fjoerwurk ôf te stekken. It mei inkeld tusken 18.00 en 2.00 oere.