Bestjoerder botst tsjin beam by Akkrum
By Akkrum is tiisdeitemoarn op de Alde Rykswei in Grouster ferwûne rekke by in iensidige oanriding. De 39-jierrige automobilist rekke de macht oer it stjoer kwyt en botste tsjin in beam. De man rekke licht ferwûne en is foar ûndersyk mei de ambulânse nei it sikehûs oerbrocht.