Frou mei geweld fan tas berôve

© ANP
In 42-jierrige frou út Ljouwert is tiisdeitejûn mei geweld fan har tas berôve op it Jacobijnerkerkhof yn har wenplak. Se waard troch twa manlju beetpakt, foel op de grûn en is dêrnei inkele meters meisleept. Se rûn dêrby lichte ferwûnings op. De fertochten binne útnaaid mei de blauwe Adidastas fan de frou. It giet om twa blanke manlju fan sa'n 20 jier. Ien fan harren hie in Adidasjas oan.