Piet Paulusma: waarmtegolf yn desimber

17 des 2014 - 08:39

Wy hawwe de kommende oardel wike te krijen mei in waarmtegolf. Dat seit waarman Piet Paulusma. Hy meldt dat oant en mei nije wike tongersdei de temperatuer om de 10 graden of sels noch wat heger lizze sil. De normale temperatuer is sa'n 6 graden.

Ek nachts bliuwt it fierstente waarm foar de tiid fan it jier. Mooglik dat yn de nacht fan tongersdei op freed sels in rekôr brutsen wurdt: Paulusma ferwachtet dat it dan 11 graden wurdt, wylst in heale graad normaal is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)