Trainer Jan Sjoerd Pool ferlit LDODK nei it seizoen

Trainer Jan Sjoerd Pool jout oanwizings © awfoto.nl
Trainer Jan Sjoerd Pool giet nei dit seizoen net fierder by LDODK. Pool hat der dan trije jier opsitten by de Fryske kuorbalklup fan De Gordyk en Terwispel. Trainer Pool debutearre trije jier lyn mei LDODK yn de seal yn de kuorbal league en promovearre ferline seizoen ek nei it heechste nivo yn it fjildkuorbal.