Cambuur nei kwartfinale fan KNVB-beker nei winst op Heracles

Sportklup Cambuur hat tiisdeitejûn de kwartfinale fan it toernoai om de KNVB-beker helle. De Ljouwerters wûnen yn Almelo mei 3-0 fan Heracles. Cambuur spile in grut part fan de wedstryd mei tsien man, neidat Lucas Bijker al yn de earste helte in reade kaart krige. Op dat stuit stie Cambuur al op in 1-0 foarsprong troch in doelpunt fan Mohamed El Makrini.
Yn de twadde helte wie Cambuur fierstente sterk foar de tsjinstanner en rûnen de Ljouwerters út nei 3-0. Opnij El Makrini en Calvin Mac-Intosch makken de doelpunten.