Subsydzje foar stichting Baai Dellewal op Skylge

16 des 2014 - 22:42
  • Brandaris

De Stichting Baai Dellewal op Skylge hat 35.000 euro subsydzje krigen fan it Prins Bernhard Kultuerfûns. De stichting wol foarkomme dat yn de baai noch boud wurdt. Se besykje mei mienskipsjild en fûnsen jild byinoar te krijen om it stik grûn te keapjen. It giet om 9000 kante meter dúngebiet.

Ferline jier wiene der plannen fan in hotel om op dit plak út te wreidzjen. De stichting wol dat de baai wer de bestimming natuer krijt.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)