"We ûntkomme net oan de pleatsing fan wynmûnen"

Wol Nederlân in ryk en bloeiend lân bliuwe dan moatte we sa gau as mooglik oer op in duorsume ekonomy. We ûntkomme dan net oan de pleatsing fan wynmûnen. Dat seit Cees Buisman, de wittenskiplik direkteur fan ûndersyksynstitút Wetsus.
Yn de laboratoaria wurdt hurd wurke oan de ûntwikkeling fan duorsume enerzjyboarnen. Sa is blue energy, elektrisiteit opwekke mei swiet en sâlt wetter, dêr ûntwikkele. Yn de steaten wurdt woansdei praat oer de pleatsing fan wynmûnen yn de provinsje.
Mei-inoar moat hjir 530 megawatt oan wynenerzjy opwekt wurde. It moat Fryslân, en Nederlân duorsumer meitsje en minder ôfhinklik fan fossile brânstoffen.