Snits krijt der in brêgewipper by op bedriuweterrein

16 des 2014 - 20:09
  • Brêge Toppenhuzen
  • Brêge Toppenhuzen
  • Brêge Toppenhuzen

Snits krijt der wer in brêgewipper by. De brêge by bedriuweterein It Ges is stikken en de betsjinning derfan moat ferfongen wurde. De gemeente hat alle mooglike opsjes foar fernijing besjoen en út berekkeningen docht bliken dat it oanstellen fan in brêgewipper it goedkeapste is.

In opmerklike konklúzje, want rûnom yn de provinsje wurde brêgewippers fuortbesunige. Faak wurdt keazen foar betsjinning op ôfstân of it opheegjen fan de brêge sadat in brêgewipper net langer nedich is.

Neffens wethâlder Durk Stoker fan Súdwest-Fryslân soe dat oer de lange termyn ek wol goedkeaper wêze foar dizze brêge, mar foar de kommende 20 jier yn elts gefal net. Boppedat set hy der folle leaver in echt persoan del.

By de brêge binne te faak problemen. Simmerdeis is it faak drok by de brêge en wettersporters moatte de brêge sels iepenje. Sensoaren regelje wannear't er wer ticht kin. Dêr giet it faak ferkeard, want de brêge bliuwt geregeld iepen stean. Mei bemanning fan de brêge soe dat ferholpen wurde moatte. Foar 1 april wurdt in nije brêgewipper oansteld.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)