Strangere kontrôles op sâltwinning yn Waadsee

16 des 2014 - 18:44
  • Struisâlt

De Twadde Keamer wol dat der in strange kontrôle komt op de sâltwinning yn de Waadsee troch Frisia. In mearderheid yn de keamer stimde tiisdei foar in moasje fan de keamerleden Lutz Jacobi fan de PvdA en Dik Faber fan de ChristenUnie oer de fergunning foar it bedriuw út Harns. Neffens de moasje moat der better mjitten wurde wat de effekten fan de sâltwinning binne op de boaiemdelgong.

By sâltwinning kin de delgong rapper gean as by gaswinning. As it misgiet moat fuortdaliks yngrepen wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)