16-jierrich duo betellet mei falsk jild

16 des 2014 - 18:21

In jonge en in famke, beide fan 16 jier, út Koartehimmen en Oerterp binne tiisdeitemiddei oanholden omdat se mei falsk jild betellen by in snackbar yn Drachten. De twa betellen harren konsumpsjes mei in falsk bryfke fan fyftich euro. In meiwurker kaam hjir achter en belle fuortdaliks 112.

De jonge en it famke wiene doe al fuort. Trochdat der in goed sinjalemint wie, koe it duo gau oanholden wurde. Se binne nei it plysjeburo brocht. De saak wurdt ûndersocht.

Trefwurden: 
Drachten plysje falsk jild
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)