Rjochter wiist referindum oer wynmûnen ôf

16 des 2014 - 17:59

De foarsjenningsrjochter hat it fersyk foar it referindum oer wynmûnen ôfwiisd. Dat is tiisdei op 'e neimiddei bekend wurden. De stichting 'Gjin romte foar wynhannel' hie hjiroer in rjochtsaak oanspand. Woansdei wurdt yn Provinsjale Steaten in debat hâlden oer de komst fan wynmûnen yn Fryslân.

Deputearre Steaten wol in grut wynmûnepark yn de iselmar, mar hjir is in soad ferset tsjin. De stichting woe dêrom de befolking om in miening freegje. Boechbylden fan de stichting binne ûnder oaren âld-deputearre Jan Ploeg en arsjitekt Rein Hofstra.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)