Gemeente Harns presintearret klúnbak foar Alvestêdetocht

16 des 2014 - 17:16

It rayon Harns is klear foar de Alvestêdetocht. As der in farferbod komt, wurdt der fuortdaliks in 30 meter lange klúnbak fan polyester oer de skotsen fan it Van Harinxmakanaal lein. De riders kinne dan feilich oer it kanaal komme. De bak is eigendom fan it rayon Harns. It is de earste yn syn soart, mar as oare rayons ien bestelle wolle kin dat.

De bak wurdt fier foar't de Alvestêdetocht ferriden wurdt al dellein. Riders fan fan oare toertochten kinne der ek gebrûk fan meitsje. De klúnbak fan 10-tûzen euro is betelle troch de gemeente Harns

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)