Tiisdeitejûn útspraak yn rjochtsaak oer referindum wynmûnen

16 des 2014 - 16:48

De foarsjenningsrjochter docht tiisdeitejûn foar sân oere útspraak oer de fraach oft der yn Fryslân in referindum komme kin oer wynmûnen. Dat is rom foar it debat fan woansdei yn Provinsjale Steaten oer it wynmûnebeslút.

De rjochtsaak oer it referindum is oanspand troch stichting 'Gjin romte foar wynhannel' mei as boechbylden ûnder oaren âld-steatelid Jan Ploeg en arsjitekt Rein Hofstra. Hofstra en Ploeg ha goeie moed dat se gelyk krije, mar dat jildt ek foar Deputearre Steaten sa blykte út de earste reaksjes flak nei de sitting.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)