AFUK presintearret earste elektroanyske boek 'Femke Faalt'

E-book 'Femke Faalt' fan Ate Grypstra © AFUK
De AFUK hat tiisdeitemiddei har âlderearste elektroanyske boek presintearre. It giet om it jongereinboek 'Femke Faalt' fan skriuwer Ate Grypstra. It boek is yn de websjop fan de AFUK te keap. 'Femke Faalt' giet oer freonskip, leafde en flink wêze as it libben wat tsjin sit.
Ernst Bruinsma fan de AFUK fertelt dat it boek fan Grypstra allinnich elektroanysk ferskynt. De AFUK sjocht it as ekspermint om de jongerein op in betelbere wize oan it lêzen te krijen. Yn de takomst sil de AFUK faker mei e-boeken komme.