Potinsjele keaper foar Koepeltsjerke Ljouwert

16 des 2014 - 11:06

De monumintale Koepeltsjerke yn Ljouwert is hast ferkocht. De mooglike keaper is Tjalling Rollema, in Snitser belizzer dy't ek eigener is fan Emmastate, it eardere PEB-gebou. Rollema soe de Koepeltsjerke in poadiumfunksje jaan wolle, en Emmastate en de tsjerke mei elkoar ferbine wolle.

Op dit stuit wurdt der ûnderhannele oer de priis. De ferwachting is dat der yn maart in beslút komt. De PKN yn Ljouwert hat noch trije tsjerken yn de ferkeap: ûnderhannelings oer De Adelaar yn Bilgaard soenen ek al in ein op wei wêze.

Dat jildt noch net foar De Feniks en De Pelikaantsjerke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)