"Wachttiden by sikehûzen net langer troch De Sionsberg"

16 des 2014 - 11:00

De wachttiden yn Fryske sikehûzen binne net folle langer wurden troch it fallissemint fan De Sionsberg yn Dokkum. Dat skriuwt minister Edith Schippers fan Folkssûnens yn antwurd op fragen út de Twadde Keamerkommisje.

Se seit dat soarchfersekerder De Friesland kontakt hat mei it MCL yn Ljouwert en Nij Smellinghe yn Drachten oer útwreiding fan de kapasiteit yn de polykliniken. It MCL seit it wol wat drokker te hawwen, mar kin dat op it stuit opfange mei flekswurkers.

Fierder skriuwt de minister dat pasjinten dy't fine dat se te lang wachtsje moatte, bemiddeling krije kinne om earder holpen te wurden. De ôfrûne trije wiken hawwe 34 minsken dêr gebrûk fan makke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)