Medyske stêf wol fan Sionsberg polyklinyk meitsje

Sikehûs De Sionsberg moat fierder as polyklinyk. Der wurde lytse sjirurgyske yngrepen dien en de akute soarch bûten kantoeroeren ferdwynt. De spoedeaskjende help bliuwt oerdei (tidens kantoartiden) gewoan iepen. Dat stiet yn it plan fan de medyske stêf foar de trochstart fan it sikehûs.
Fan de 130 ferpleechkundigen dy't der earder wurken, bliuwe mar 65 oer. It sikehûs sil him benammen rjochtsje op de âldereinsoarch. Der sil ek gearwurke wurde mei sikehûs MCL yn Ljouwert.
Der bin neffens de kuratoaren in tsien gadingmakkers. Foar 24 desimber moatte dy in plan yntsjinne hawwe. Op 12 jannewaris sil dan de oerdracht plakfine.