Jeugdhulp Fryslân skrast taksyferfier deibehannelingssintra

15 des 2014 - 21:15

Jeugdhulp Fryslân skrast it taksyferfier fan bern nei de deibehannelingssintra. Fan maart takom jier ôf moatte âlden sels it ferfier regelje foar de bern. Jeugdhulp moat bot besunigje no't gemeenten de ferantwurdlikens oernimme oer de jeugdsoarch. Der is folle minder jild beskikber as earst.

Njonken it taksyferfier ferdwine der ek banen. Jeugdhulp wol besykje behannelings folle mear plakfine te litten yn de eigen omjouwing, lykas op skoallen of yn de berne-opfang.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)