KNSB makket him gjin soargen oer lege opkomst yn Thialf

15 des 2014 - 17:25
  • Thialf, It Hearrenfean

De lege besikersopkomst by de wrâldbekerwedstriden reedriden yn Thialf fan ôfrune wykein is foar de KNSB gjin reden foar soargen. Benammen freed wie it stadion op It Hearrenfean lang net fol. De KNSB sjocht wol dat de belangstelling foar reedrydwedstriden op freed ôfnimt. Dat hâldt it bûn dan ek goed yn 'e gaten.

It kommende toernoai op Thialf, it NK allround op 27 en 28 desimber, hat oer belangstelling lykwols net te kleien. Foar sawol de sneon as de snein binne al 7500 tickets ferkocht. Dat betsjut dat Thialf foar trijekwart al fol sit.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)