PvdA: "Nea wer boarje nei gas yn Harns"

15 des 2014 - 17:11

Der mei nea wer nei gas boarre wurde yn de boaiem by Harns. Dat fynt de steatefraksje fan de PvdA. Neffens wurdfierder Hetty Janssen is it net ferantwurde hjir te boarjen. De oanlieding is it rapport oer gasboarrings troch Vermilion yn it gebiet. Dêrút blykt dat de boaiemdelgong folle grutter is as earder tocht.

Neffens Janssen is de reaksje fan de provinsje op dy útkomst te slop. Deputearre Poepjes sei dat minister Kamp gaswinning allinnich yn him omgean litte mei as it feilich is. Janssen stelt dat je nea witte kinne oft it feilich is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)