Dieven stelle sloep út bedriuwshal op De Lemmer

15 des 2014 - 16:24
  • De sloep waard út in bedriuwshal stellen

Lars Frankema, syn heit en broer wurken goed sân jier oan it opknappen en renovearjen fan in sloep. Yn de nacht fan freed op sneon hawwe ûnbekenden de boat lykwols stellen út in bedriuwshal op De Lemmer. De boat dy't de namme 'Noflik' krige, is mei in trailer meinaam út de hal.

Frankema is kapot fan de stellerij. Troch it jierrenlange wurk sit der in soad emosjonele wearde oan de boat. De famylje hat oanjefte dien. Mooglik giet it om in kriminele binde út Noard-Hollân, dy't yn it ferline faker sloepen stellen hat yn Fryslân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)