Noch altyd gjin dúdlikens foar meiwurkers fan Pasana

Meiwurkers fan de âldereinsoarch by it fallite Pasana moatte noch efkes geduld hawwe ear't der mear dúdlikens komt oer harren takomst. It wachtsjen is no op nijs oer hokker partij dy âldereinsoarch oernimt.
Moandei ha de fakbûnen om tafel sitten mei de kurator. Fakbûnsbestjoerder Hillebrand Aardema fan CNV Publieke zaak sprekt lûden tsjin dat der dúdlikheid komt foar de krystdagen. De organisaasje moat earst ûntflechte wurde fan de sikehûspoat, seit Aardema. Oer sikehûs De Sionsberg ferwachtet er wol foar de krysttiid dúdlikheid te jaan.