Noch gjin dúdlikheid oer sluting Fryske plysjeburo's

It is noch net dúdlik wat de plannen foar sluting fan plysjeburo's foar Fryslân betsjutte. Mear as de helte fan de buro's yn Nederlân giet ticht. Dat makke minister Opstelten moandei bekend. Om't minsken hieltyd faker online oanjefte dogge, binne der neffens de minister minder plysjeburo's nedich.
De Fryske plysjelieding sil ynkoarten oerlizze mei de boargemasters wat de gefolgen binne. De seis Fryske basisteams krije yn alle gefallen in eigen folweardich plysjeburo. Distrikten dy't te grut binne foar ien buro krije dêrnjonken stipepunten.
De plysje wol de tiid nimme foar de operaasje. Foar ein 2015 geane der dêrom gjin plysjeburo's ticht, seit plysjewurdfierder Pieter Boomsma.
Plysjefakbûn ACP is kritysk oer de plannen om plysjeburo's te sluten. Neffens foarsitter Gerrit van der Kamp fan de ACP fine boargers it wichtich dat der in plysjeburo yn 'e buert is. Guon minsken wolle leaver oanjefte dwaan by in buro yn stee fan online, sa seit de ACP.