Hoareka Ljouwert: frije slutingstiid foarkomt útgeansgeweld

15 des 2014 - 15:42

Troch de slutingstiden fan de hoareka frij te jaan, sil der minder útgeansgeweld wêze op it Ruterskertier yn Ljouwert. Dat sizze de hoareka-ûndernimmers yn dizze strjitte. It is hast alle wykeinen ûnrêstich op it Ruterskertier en de plysje hat it der smoardrok mei.

Om healwei fiven moarns gean de kroegen ticht en komme alle útgeangasten tagelyk nei bûten. Faak moat de plysje yngripe by fjochtpartijen. Ofrûne wykein wienen der twa ynsidinten, wêrby't minsken mei glês stutsen waarden. Soms rjochtet it geweld him ek tsjin de plysje.

Ek Hoareka Fryslân fynt dat de slutingstiden frijjûn wurde moatte, sadat it útgeanspublyk him ferspriedt oer de jûn. Kommende wike is der in gesprek mei de wykagint. Nei âldjiersnacht sil de hoareka yn petear gean mei de gemeente Ljouwert oer de slutingstiden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)